Dûbelslach foar Noppert op Europeeske kwalifikaasje

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat him tongersdeitejûn pleatst foar de earste twa Europeeske toernoaien fan de PDC. Yn Leverkusen (Dútslân) kaam de 27-jierrige Noppert sûnder problemen troch beide kwalifikaasjetoernoaien, wêrmei't er sawol dit wykein yn Leverkusen as takom wykein yn München yn it haadtoernoai sit.
De Jouster darter wûn ûnder mear fan Sven Groen, Dimitri van den Bergh en Jimmy Hendriks om him te pleatsen foar de poadiumfaze fan it toernoai. Freedtejûn spilet Noppert yn de fjirde partij tsjin Jeffrey de Zwaan op it haadpoadium.
European Tour
De European Tour fan de PDC is in jierlikse rige fan toernoaien dy't op it Europeeske fêstelân spile wurde. It binne gjin offisjele telefyzjetoernoaien, mar se wurde wol foar de kamera's en mei inkelde tûzenen taskôgers spile. Danny Noppert makket dit wykein syn debút op sa'n European Tour.
Oare Friezen net
Michael Plooy fan Damwâld en Mats Gies fan Holwert slaggen der net yn har te pleatsen foar it haadtoernoai. Plooy ferlear de beslissingswedstriid mar krekt fan Michael Rasztovits út Eastenryk. Gies gie ien ronde dêrfoar yn in lêste leg ûnderút tsjin Dirk van Duijvenbode.