Sjongkoaren organisearje grutste kanon fan Fryslân

It bûn fan Fryske sjongkoaren organisearret op 7 april de grutste kanon fan Fryslân. It mearstimmich sjongen fynt plak yn De Oerdracht yn De Jouwer en stiet ûnder lieding fan dirigint Hindrik van der Meer. It bûn heakket mei de kanon oan by Ljouwert-Fryslân 2018. Alle minsken dy't fan sjongen hâlde, binne wolkom om mei te dwaan.