FNP Ljouwert boykottet besletten gearkomste Blokhúspoarte
De Ljouwerter fraksje fan de FNP sil de oankommende gearkomste oer de Blokhúspoarte boykotsje. De FNP stroffelet deroer dat dit petear tusken ûntwikkelder BOEi, it kolleezje en de riedsleden besletten is. "Wy ha de búk fol fan de geheime gearkomsten. De boarger hat rjocht op iepenheid oer de Blokhúspoarte", seit Jan-Willem Tuininga fan de FNP. Ek de VVD en Lijst058 boykotsje de besletten gearkomsten.
De Blokhúspoarte is in pineholle-dossier foar de gemeente Ljouwert. It draait allegear om it tekoart dat ûntstien is by de ferbouwing fan de Blokhúspoarte. Untwikkelder BOEi komt 5,6 miljoen euro tekoart: 4,4 miljoen foar al it wurk dat mear dien is as ôfpraat en 1,2 miljoen foar it ôfmeitsjen fan it wurk dat der noch leit. It giet dan om ûnder oare om de kapel en de luchtbehannelingsynstallaasje by poadium Asteriks.