Omrop TIP: Fryske Matthäus Passion

De Matthäus Passion is oerset nei it Frysk en it Noord Nederlands Orkest spilet it stik. By Omrop Fryslân is op sneon 31 maart de Matthäus Passion fan Bach fan 18.00 oere ôf te hearren op de radio. In dei dêrnei, op snein 1 april, is om 17.00 oere te sjen op telefyzje hoe't de tariedingen en de earste útfiering ferrûnen.
It Noord Nederlands Orkest grypt LF2018 oan om faker yn Fryslân te spyljen. Yn line mei de Matthäustradysje bringt it NNO de Matthäus Passion fan Bach yn it Frysk. De Dútske tekst is yn opdracht fan it NNO oerset troch komponist en tekstskriuwer Peter Sijbenga.

Op de radio

Omrop Fryslân wie by de útfiering op 24 maart yn de Grote Kerk yn Harns en registrearre dêr de Fryske passy fan Bach. Wolle jo meilêze ûnder de útstjoering? Klik hjir foar it tekstboekje fan de Fryske Matthäus Passion.

Fryske Matthäus Passion is op sneon 31 maart om 18.00 oere te beharkjen by Omrop Fryslân op de radio (92.2FM).

Fryslân DOK

Kinne je sa'n monumintaal wurk as de Matthäus Passion fan Bach sûnder straf fan it Dútsk nei it Frysk oersette sûnder it te skeinen? En wat bart der as je ynternasjonale solisten en koarsjongers sjonge litte yn in taal dy't harren frjemd is. Fryslân DOK folget de tariedingen en is by ien fan de útfieringen.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Fryske Matthäus Passion' is op snein 1 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.