Brân ferwoastet fabrykshal Royal Steensma yn Frjentsjer

By in brân by Royal Steensma yn Frjentsjer is tongersdeitenacht ien fan de acht fabrykshallen fan it bedriuw ferlern gien. Helptsjinsten rieden út foar in útslaande brân oan de Oostelijke Industrieweg. De brân waard al gau opskaald nei in 'zeer grote brand'. By de brân rekke net ien ferwûne.
De foarried fan Royal Steensma is troch de brân net oantaaste. It bedriuw ferwachtet dat klanten gjin of net folle lêst ha sille fan de gefolgen. De ôfbaarnde hal waard brûkt om fruchten te drûgjen en yn te meitsjen. Royal Steensma sil bedriuwen út it bûtenlân freegje dy wurksumheden tydlik oer te nimmen. Yn de oare hallen sil it wurk moandei wer oppakt wurde.
Troch de ferbrâning fan sûker rûkt it yn de stêd nei karamel. Mjitploegen binne yn de stêd om te sjen oft der skealike stoffen yn de loft binne, omdat der in soad reek frijkommen is.