Kielstra krijt spesjale flagge by iepening Wadden Center

It Afsluitdijk Wadden Center is tongersdeitemiddei offisjeel iepene troch minister Cora van Nieuwenhuizen. Dêrby joech deputearre Michiel Rijsberman fan Flevolân deputearre Klaas Kielstra fan de provinsje Fryslân in spesjale flagge. De flagge is in neimakke ferzje fan de flagge dy't symboal stie foar de Zuiderzeewet. Mei de flagge waard yn 1932 it sein jûn oan it personiel fan de MUZ, de Maatschappij tot Uitvoering van de Zuiderzeewerken, om de Ofslútdyk te sluten. Dêrmei waard de Sudersee offisjeel de Iselmar.
Fan grut belang
De minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat joech yn in taspraak oan dat de dyk noch altyd fan grut belang is foar ús lân. "Zonder de Afsluitdijk zouden steden als Breda en Utrecht aan de kust liggen en zou 60% van ons land onder water staan", sa sei Van Nieuwenhuizen.
Enerzjyneutraal
It gebou fan it Afsluitdijk Wadden Center is folslein enerzjyneutraal makke. De enerzjy wurdt opwekke mei sinnepanielen. It sintrum moat sa'n 100.000 besikers yn it jier lûke. It gebou is yn totaal 1800 fjouwerkante meter grut en bestiet út wite seishoeken dy't symboal stean foar de basaltblokken dy't tsjin de Ofslútdyk lizze. De folsleine kosten fan it opwurdearjen fan de Ofslútdyk wurde rûsd op 1,2 miljard euro.