Wetterskip Fryslân helpt Mozambikanen mei wetterbehear

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân helpt de kommende jierren minsken yn Mozambyk mei it wetterbehear. Doel is om se te beskermjen tsjin wetter en se te helpen om genôch en ek skjin wetter te krijen. Dat gebeurt yn gearwurking mei de oare wetterskippen en de ministearjes fan Bûtenlânske Saken en Ynfrastruktuer en Wettersteat. De ôfspraak hjit Blue Deal.
Mei elkoar wurde tweintich miljoen minsken holpen. De ôfrûne jierren wie Wetterskip Fryslân ek al aktyf yn Mozambyk.