Cambuur foar folgjende topper nei Sittard
Cambuur makket him op foar de tredde konfrontaasje op rige tsjin in klup út de top fan de ranglist. Nei ferstjinstlike likense spullen tsjin Jong PSV en koprinner NEC hoopje de Ljouwerters freed yn Sittard tsjin Fortuna op in trijepunter.
Trainer René Hake woe net sizze yn hokker opstelling hy Fortuna Sittard bestride sil. Der kinne feroaringen komme, benammen fanwege it minne fjild yn Sittard. "We spelen niet op een goed veld. Dat heeft in de winterse periode een optater gehad. Wij moeten daar in onze manier van spelen rekening mee houden. We kunnen wellicht niet het spel spelen wat we normaal willen spelen", sa sei Hake tongersdei nei de lêste training.
Fortuna komt net yn de sterkste opstelling op it fjild. Troch ferskate omstannichheden misse der fjouwer basisspilers, wêrûnder it jonge talint en oanfierder Per Schuurs. René Hake rekkenet himsels dêr lykwols net ryk mei.: "Er staan er gewoon elf hoor."
By Cambuur binne Omar el Baad, Furdjel Narsingh, Karim Rossi en Nigel Robertha noch altyd blessearre.