Prins Friso yngenieurspriis foar Jan Klok fan Paqell

Yngenieur Jan Klok fan it bedriuw Paqell yn Balk hat woansdei by de Prins Friso yngenieurspriis de publykspriis wûn. By de útrikking yn de Ryksuniversiteit Grins wiene ek prinses Mabel en prinses Beatrix oanwêzich.
De priis is bedoeld foar yngenieurs dy't har ûnderskiede yn ekspertize, ynnovearjend fermogen, maatskiplike impact en ûndernimmerskip. Jan Klok wurket ek by wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert en hy is spesjalisearre yn it ûntsweveljen fan gas. Dat soarget foar minder skea foar it miljeu.