Fersekerder Achmea skriuwt wer swarte sifers

© Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Fersekerder Achmea hat yn 2017 in winst fan 217 miljoen euro makke. Dat betsjut dat it bedriuw wer swarte sifers skriuwt, nei't se in jier earder noch in ferlies draaiden. Dit waard doe benammen feroarsake troch hagelskea en útsûnderlike tsjinfallers. De kosten fan de fersekerder binne yn de ôfrûne jierren mei 117 miljoen euro omleech brocht. Dêrnjonken koene de ynkomsten foar soarch- en skeafersekeringen omheech helle wurde.
Achmea hat it ôfrûne jier it tal wurknimmers mei 800 werombrocht nei hast 14.500. Oant 2020 geane dêr nochris 2000 wurknimmers ôf. It bedriuw wol fiif saneamde kearnlokaasjes oerhâlde. Dat binne Ljouwert, Apeldoorn, Leiden, Tilburg en Zeist.
Neffens Willem van Duin binne yn de ôfrûne jierren wichtige ferbetteringen trochfierd by Achmea. Neffens him leit it konsern foar op it skema foar in plande kostereduksje. Fierder wol Van Duin fêsthâlde oan de doelen dy't earder al troch it konsern delset binne. Hjirby wol Achmea yn 2020 in operasjoneel resultaat fan 450 miljoen euro meitsje.