Fiskje nei metaal foar keunstwurk

In jildklûs, beurzen, ûnderdielen en hiele fytsen. Dat is wat bern en bewenners út de Ljouwerter grêften fiske hawwe mei magneten en heaken foar it projekt Act Magnet. Fan de metalen wurdt in keunstwurk makke. Act Magnet is in aksje fan de Friese Milieu Federatie en hat as doel om wat bliuwends foar de stêd te meitsjen.
8ste Dag
It keunstwurk moat in soarte fan hyskraan wurde om guod út de grêften te fiskjen. It metalen keunstwurk wurdt brûkt by it Kulturele Haadstêdprojekt 8ste Dag. Op 8 july sille tûzenen minsken yn beweging komme en in skouspul foarmje yn de Ljouwerter binnenstêd mei dûns, lûd, sport en bouwurken, wêrûnder dus de kraan.