Fjoerwurkbom yn auto smiten: grutte skea

© ANP
In auto dy't yn de Couperinstrjitte yn Ljouwert parkeard stie, hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei grutte skea oprûn troch in fjoerwurkbom. Efkes nei healwei fiven waard in rút fan de auto stikken makke, wêrnei't de fjoerwurkbom yn de auto smiten waard. In doar fan de auto rekke dêrtroch ûntset en it ynterieur fernield. De plysje is op syk nei tsjûgen.