Frijwilligers helpe amfibyen Potmargepaad oer te stekken

Om de amfibyen yn rivierke de Potmarge yn Ljouwert feilich it fytspaad oerstekke te litten, binne der skermen en amers pleatst. De kikkerts, podden en salamanders wolle nei de sleatten oan de oare kant fan it fytspaad om dêr foar neigeslacht te soargjen. Learlingen fan VanHall-Larenstein helpe de bistjes om oan de oare kant te kommen. Sa kinne se ek teld wurde.
Salamanderwerkenning
It wurdt dit jier wittenskiplik oanpakt, bygelyks mei in app om de gegevens yn te fieren en dy dan fergelykje te kinnen mei oare jierren. Sa is yn 2016 in telling dien. Aanst kin besjoen wurde oft de populaasjes ta- of ôfnimme. Nij is ek de salamanderwerkenningsapp. Elke salamander hat in unike tekening op de bûk. Sammele foto's yn de app sizze wat oer de yndividuele bistjes.