Oardel miljoen euro nei Seelân, dat yn swier waar sit

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Fryslân betellet de kommende trije jier oardel miljoen euro oan de provinsje Seelân, dy't finansjeel yn swier waar sit. De alve oare provinsjes stekke 6,7 miljoen yn it jier yn it oplossen fan de problemen yn de provinsje. In fosforfabryk dy't opromme wurde moat en ek de ûntmanteling fan de kearnsintrale fan Borsele soargje derfoar dat Seelân finansjeel ûnder wetter driget te reitsjen.
Net earder bard
It ryk betellet ek mei, mar net genôch om de problemen op te lossen. It is noch net earder op dizze wize bard dat provinsje inoar mei jild út de brân helpe en neffens deputearre Kielstra sil it ek net gau wer barre. Dizze situaasje is neffens him unyk, omdat Seelân mei 350.000 ynwenners net folle te besteegjen hat en it probleem mei de fabriken bûtengewoan is.
Betingsten
Der wurde wol betingsten steld. Sa fine de oare provinsjes dat Seelân de opsinteferheging folslein besteegje moat oan de opromming fan it fosforfabryk.