Fuotballer Mark Diemers bêste spiler fan Jupiler League

Ljouwerter Mark Diemers is de bêste spiler fan de tredde perioade fan de Jupiler League wurden. De middenfjilder, dy't op it stuit útkomt foar De Graafschap, krige de measte stimmen fan yn totaal fjouwer nominearre fuotballers. Hy wint in saneamde brûnzen bolle.
Diemers makke yn de tredde perioade seis goals en boppedat joech de Ljouwerter ek noch trije assists. Takom wike freed krijt Diemers de priis oerlange, as De Graafschap thús spilet tsjin RKC Waalwijk.