Acht moannen sel foar oerfaller fan Ljouwerter juwelier

Rjochter © Omrop Fryslân
In man dy't ferline jier yn Ljouwert in meiwurkster fan in juwelier mei in pistoal bedrige hat, moat acht moannen de sel yn. De man hie in kassette mei kettingen mei in wearde fan goed 20.000 euro út de hannen fan de frou skuord, yn in juwelierssaak oan de Nijstêd. Dêrnei wie er útnaaid. De frou gie efter him oan en krige yn de Doelesteech in wapen op har rjochte.
It wie in neppistoal, mar dat hie de frou net yn 'e gaten. De man hie de oerfal hielendal pland en it pistoal der spesjaal foar kocht. De fertochte komt út Libië en is hjir yllegaal. Nei syn straf wurdt er nei alle gedachten útset.