Stimburo's iepen: gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân

Ynwenners fan fjirtjin Fryske gemeenten kinne woansdei nei de stimbus om in nije gemeenteried te kiezen. Fan 07.30 oere moarns oant 21.00 oere jûns kinne Friezen harren stim útbringe op de partij en politikus fan harren foarkar.
Yn dizze Fryske gemeenten wurdt stimd foar in nije gemeenteried: Weststellingwerf, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Achtkarspelen, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel, It Hearrenfean, De Fryske Marren, It Amelân, Flylân, Skiermûntseach, Skylge en Harns. Yn it neijier meie ynwenners fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân noch nei de stimbus.
Njonken dat der yn in soad Fryske gemeenten ferkiezingen foar de gemeenteried binne, wurdt alle ynwenners fan Fryslân ek frege har út te sprekken yn it riejaand referindum. Dat giet oer de 'Wet op de inlichtingen- en veiligheidsdiensten 2017', dy't it wurk en de taken fan de Nederlânske ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten befettet.
Live by Omrop Fryslân
De útslaggejûn fan de gemeenteriedsferkiezingen is live te folgjen by Omrop Fryslân. Fan 19.00 oere ôf op de radio en ek mei in livestream op ynternet. Om 22.00 oere kinne jo de ferkiezingen ek by ús op telefyzje folgje.
Ferslachjouwers op 'en paad
De presintaasje yn de studio by Omrop Fryslân is yn hannen fan Jan Durk de Haan en Andries Bakker. Sy ûntfange gasten en skeakelje live mei ferslachjouwers yn Achtkarspelen, De Fryske Marren, Smellingerlân en It Hearrenfean.
Sjoch foar alles oer de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân op de spesjale side fan Fryslân Kiest: de gemeenteriedsferkiezingen 2018.