Kollum: "It doarp dêr't de wyn frij spul hat"

"Der wie ris in doarpke yn it noarden fan Fryslân, net fier fan it Waad. De wyn hie dêr altyd frij spul. Soms brocht er de rook fan de see mei, in sâltigens dêr’t de doarpslju de noas foar yn de loft stutsen en as âlde kunde begroeten. Dyselde wyn blies al in ivichheid oer de greiden en it boulân by it doarp. Hy liet de donkere, fette klaai glânzgje, de fruchtbere grûn dy’t de bêste ierappels opsmiet. Fûgels brûkten him om harren paad te sykjen: Oer de see, yn ’e kwelders, boppe it lân. Skiep joech har as skiere wolkens op ’e seedyk del. Dêrachter puollemuolke it Waad. In lânskip ûntstien sûnt de lêste iistiid, aloan yn beweging, alle dagen nij en oars. De minsken út it doarp kamen dêr geregeld om de wide kimen oer te eagjen. Se koene de sylhûetten fan de eilannen, ferstiene it lispeljen fan it slyk, wisten wannear’t it wetter oan kaam en wannear’t it ferrûn. It bestean azeme stadich yn en út, en de minsken sykhellen mei. Se wiene tefreden, ek al wie it net altyd maklik en moast der bodde wurde.
Doe, op in dei, tsjinne har in bedriuw oan dat har dwaande hâlde mei de produksje fan ierdgas en ierdoalje. It die nammentlik bliken dat ûnder it doarp, dêr’t de wyn altyd frij spul hie, in grut gasfjild siet dat oant fier ûnder it Waad trochrûn. Dat bedriuw woe dat gas winne. Dêrta moast yn it doarp in boartoer komme, de grutste dy’t it bedriuw hie. Der moasten kilometers lange liedingen oanlein wurde, yn en oer de grûn, dy donkere, fette klaai dy’t de wyn glânzgje liet en de bêste ierappels opsmiet. Om de boarlokaasje hinne moasten hege stekken mei lûdswarjende isolaasje komme, fanwegen it kabaal fan generatoaren. It bedriuw hie de ferplichting om op ferskillende plakken tiltmeters te pleatsen, kastjes dy’t it triljen en skodzjen fan de ierde registrearren.
Want dat de grûn trilje en skodzje soe stie swart op wyt yn ferskate rapporten. De grûn soe sakje troch it boaren, foar en achter de seedyk, dêr’t it Waad noch lispele en de fûgels kriten. De krún fan de seedyk soe ek sakje, dat dy moast ophege en fersterke wurde. It sykheljen fan it bestean yn it doarp, dêr’t de wyn frij spul hie, stike. Minsken waarden ûnrêstich. Se begûnen yn ’e kont te hingjen. It bedriuw die wat it altyd die: it rôp hiel lûd dat it allegearre tafoel, dat de lju net bang wêze moasten, struiden tasizzingen yn ’t rûn as politisy yn ferkiezingsstriid.
Se struiden ek mei jild. Dat diene se al jierren, want dêr waarden minsken minder ûnrêstich fan. It bedriuw hie al lang útfûn dat idealen te keap wiene, fan de yndividuele boarger oant de heechste bestjoerslagen ta. Dat it bedriuw net presys witst hoe grut de effekten fan harren aktiviteiten wêze soene –los fan wat al beskreaun stie– hâlde har net tsjin. Dat in oerâld lânskip oantaaste wurde soe ynteressearre har net. Krekt sa min as de miening fan de doarpslju. De sucht nei jild wie sterker as de wyn dy’t altyd frij spul hie. Lûder as it lispeljen fan it Waad. Dreger as de donkere, fette klaai dy’t de bêste ierappels opsmiet."