Harry van der Molen (CDA): "Sleepwet is yn prinsipe goed"
De Wet op de Inlichtingen- en Veiligheidsdiensten, dêr't woansdei in referindum oer hâlden wurdt, is yn prinsipe in goede wet. Dat fynt CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen. Reparaasje fan de wet, sa't GrienLinks dat wol, is net nedich. Van der Molen sei dat yn It Polytburo.
Terroristen
De nije wet, ek wol de sleepwet neamd, jout feilichheidstsjinsten mear mooglikheden by it opspoaren fan terroristen. Neffens tsjinstanners moat de wet ferbettere wurde. Sa moat de privacy fan boargers better beskerme wurde. Punt bliuwt dat it kabinet in eventueel 'nee' tsjin de wet neist him dellizze kin.
Ferwachte opkomst
Van der Molen sei te ferwachtsjen dat de opkomst foar dit referindum wolris leech wêze kin. Foaral yn de Fryske gemeenten dêr't gjin gemeenteriedsferkiezingen binne, sille neffens him net in soad minsken de muoite nimme om te stimmen. Dy gemeenten binne Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Waadhoeke. Ek yn Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wurdt net stimd foar de gemeenteried. Dy trije gemeenten fusearje ein dit jier yn Noardeast-Fryslân.