Druk om heech skoaladvys falt yn Ljouwert ta

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It falt yn Ljouwert en omkriten ta mei de druk op leararen yn it basisûnderwiis om learlingen in sa heech mooglik skoaladvys te jaan. Lanlik hat trijekwart fan de leararen te krijen mei dy hege druk. En soms sels mei yntimidaasje en bedrigingen fan âlden, dy't it net iens binne mei it skoaladvys fan de dosint. Op skoallen yn Ljouwert en omkriten fernimme juffen en masters dit net sa bot, seit Albert Helder fan Proloog, de koepelorganisaasje fan it iepenbier basisûnderwiis fan Ljouwert. Kristlike skoallen yn Ljouwert en omkriten befêstigje dit byld.
Helder: "De druk op dosinten werken ik wol, mar dit liedt net ta yntimidaasje en bedrigingen. It skoaladvys komt by ús nea út de loft fallen. Dit hat te krijen mei in dúdlike kommunikaasje tusken de skoalle en de âlden, dy't al begjint fan groep 6 ôf. De ferwachtingen fan de âlden binne dêrtroch better ôfstimd."