Tredde plak foar Hooghiemster yn drege Ronde fan Grinslân

René Hooghiemster is sneontemiddei by de Ronde fan Grinslân tredde wurden. De hurdfytser út Snits koe net foarkomme dat Rick Ottema nei 172,9 kilometer as winner oer de streek kaam.
Efter Ottema moast Hooghiemster yn de sprint om it twadde plak Jasper Bovenhuis krekt foar gean litte.
Hartthijs de Vries fan Kollum waard alfde yn in wedstriid dy't tekene waard troch drege waarsomstannichheden. Fan de 147 hurdfytsers dy't oan de wedstriid begûnen, kamen der úteinlik njoggentjin oer de finish.