Posters tsjin wenweinkamp plakt by Fennepark yn Drachten

Ferkiezingsposters by it Fennepark yn Drachten binne beplakt mei posters mei de tekst 'Nee tegen woonwagenkamp'. Earder dizze wike waard bekend dat bewenners fan it Fennepark harren soargen meitsje oer de útwreiding fan de wenweinstânplakken.
De gemeente Smellingerlân hat trije plakken yn de wyk oanwiisd dêr't mooglik tweintich wenweinen komme, mar de bewenners binne it der net mei iens. Se binne bang foar oerlêst en fine dat de gemeente de proseduere net goed folge hat. It is net dúdlik wa't achter de aksje mei de posters sit.