Sulveren Ljip útrikt oan Riemer Miedema foar earste ljipaai

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat sneontemoarn de Sulveren Ljip útrikt oan Riemer Miedema. De 20-jierrige ynwenner fan It Heidenskip fûn freedtejûn it earste ljipaai fan Fryslân op in stik lân yn de buert fan syn wenplak. De útrikking wie op it hiem fan de buorkerij fan de famylje De Vries, fan wa't it lân is dêr't it aai fûn waard.
Der wie neffens it fûgelwachtersbûn BFVW foar keazen om net it lân yn te gean, om't oars it nêst fersteurd wurde kin.