Auto yn beslach naam fan dôfhûdige rider sûnder rydbewiis

De plysje hat freed de auto fan in 31-jierrige man út Sint-Nyk yn beslach naam. De man wie ôfrûne woansdei yn Jiskenhuzen oanhâlden, om't hy ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De man hie boppedat gjin jildich rydbewiis. Dochs seagen de plysjes de man freed wer riden. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke en syn auto is hy foarearst kwyt.