Tomke net inkeld om foar te lêzen, mar ek om lêzen te learen
Der is ferlet fan Tomke's foar bern tusken de 4 en 6 jier, as bern lêzen leare. Dat is de útkomst fan in enkête fan de stichting Partoer. De boekjes oer it Frysktalige stripfiguerkeTomke, sa't dy no útkomme, binne ornearre foar bern fan 2 oant 4 jier.
Tomke spilet al tweintich jier de haadrol yn de Fryske boekerige mei deselde namme, ferskes en filmkes foar pjutten. Partoer hat in ûndersyk dien nei de ynfloed fan de Tomkerige op de taalûntwikkeling fan pjutten. Tomke spilet dêr wol deeglik in rol yn, seit projektlieder Sjoerd IJdema. De boekjes meitsje dat it Frysk mear yn de oandacht stiet. Alden hawwe yn de enkête oanjûn dat se graach wolle dat Tomke ek brûkt wurde by it lêzen leare.
Tomke makket dat bern mear ûntfanklik binne foar mear talen, dus foar meartaligens. It is net bekend oft bern dêrtroch ek mear Frysk lêze, as se âlder binne, mar it Frysk is bekender en de bern dogge der mear dingen mei. As it om meartaligens giet, soe in Ingelsktalich buorfamke fan Tomke net in min idee wêze, seit IJdema.
Der binne al Tomkes yn it Biltsk en it Stellingwerfsk. Mar dat binne ynsidintele boekjes, net in rige.