5 maaie: mar leafst sân Fryske Ambassadeurs fan de Frijheid

Op 5 maaie hat Fryslân mar leafst sân Fryske Ambassadeurs fan de Frijheid. Foar it Befrijdingsfestival fan dit jier binne alle eardere Fryske ambassadeurs frege. Elske DeWall, Twarres, Iris Kroes, Piter Wilkens, Janneke Brakels & Raynaud Ritsma fan Vangrail komme op it haadpoadium op it Aldehoustertsjerkhôf.
Lucette van den Berg is de nije ambassadeur. Alle artysten foarmje in gelegenheidskollektyf en spylje mei de Keninklike Loftmachtkapel dat út 50 musisy bestiet. Se sille bysûndere duetten, spesjale gearwurkingen en ferrassende kombinaasjes bringe. "Superfet en machtich" fynt Raynaud Ritsma it. "Ik ha der in hiel soad sin oan."