Nije kultuerhistoaryske fytsrûtes yn Achtkarspelen

De wethâlders Stellinga en Antuma fan Achtkarspelen hawwe woansdei alfêst de nije kultuerhistoaryske fytsrûtes ferkend, dy't yn april beskikber komme yn de gemeente. Bysûnder is dat by de fytsrûtes in app heart foar op de mobile telefoan. Mei help fan de app wurdt op in pear plakken op de rûtes ynformaasje jûn oer kultuer, histoarje en natuer. Fierder binne gedichten en folksferhalen te hearren.
De wethâlders diene de ferkenningstocht op nije hierfytsen, dy't tenei te krijen binne by botanyske tún De Krûdhof yn Bûtenpost. Mei-elkoar binne der trije nije rûtes, mei in lingte fan ûngefear 30 kilometer. De rûtes binne ûntwikkele mei help fan de Keunstkrite, de stifting Ald Achtkarspelen en de gemeente.