Friezinne nei ûngelok by Wapserveen ferstoarn

In 27-jierrige frou fan It Hearrenfean is tiisdeitejûn omkaam by in ûngelok op de Van Helomawei by it Drintske Wapserveen. De frou botste yn in flauwe bocht nei rjochts tsjin in beam yn de linkerberm. De frou kaam fêst te sitten yn har eigen auto en ferstoar koart nei it ûngelok oan har ferwûningen. De helptsjinsten wiene manmachtich útriden, ek de traumahelikopter wie oproppen. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok barre koe.