Herman Pleij: "Friezen ha sterk ferlet fan eigen identiteit"
It ferlet fan in eigen identiteit is fan alle Nederlanners by de Friezen it sterkst. Dat sei emearitus heechlearaar histoaryske letterkunde Herman Pleij tiisdeitejûn by in lêzing yn Drachten. Dat wurdt fersterke troch in eigen taal en in stribjen nei frijheid. In eigen identiteit hat foardielen en it ferlet dêrfan is grutter wurden sûnt de maatskippij him losmakke hat fan de tradisjonele pylders, lykas katolyk, protestantsk en sosjalist. Yn it ûntstiene fakuüm wolle minsken dochs wer earne by hearre. Wol moatte we der om tinke dat we gjin groepen útslute, sei Pleij. Hy neamde it Fryske ferlet fan eigenheid boartlik mei serieuze kanten, mar sûnder in oanstriid om ús ôf te skieden, krekt lykas yn Kataloanje, de Balkan of Baskelân.
De sprekker, bekend fan radio en telefyzje, wie útnûge troch de Stichting Literaire Activiteiten Smallingerland, SLAS. Der kamen sa'n 80 minsken op ôf.