Eaststellingwerf set LED-lampen yn strjitferljochting

De gemeente Eaststellingwerf ferfangt de kommende fiif jier alle gewoane lampen yn de strjitferljochting troch LED-lampen. Dat besparret enerjzy en it freget ek minder ûnderhâld.
It wie earst de bedoeling om folle langer de tiid te nimmen foar de ferfanging fan de pitten. Mar omdat it fuortendaliks in besparring opsmyt, kin de ynvestearring yn LED-ferljochting al gau út, hat bliken dien. Dêrom giet de ferfanging fan de ferljochting rapper as earst pland.