Winterwaar komt dit wykein werom, seit Piet Paulusma

Kening Winter komt it kommende wykein tydlik werom, sa meldt waarman Piet Paulusma. Hy warskôget foar froast, snie en lege temperatueren troch de oanfier fan loft út de Poalstreken. It wurdt neffens Paulusma goed kâld. De kjeld berikt ús provinsje yn de nacht fan freed op sneon.
Oerdeis bliuwt it krekt boppe nul en yn de nacht sakket de temperatuer ûnder it friespunt, mar troch de hurde eastewyn fielt it yn de nacht oan as min 15 graden. Der is kâns op snie en hagel en dêrom ek kâns op glêdens.