Achtkarspelen liket keapsnein te krijen

It liket in kwestje fan tiid foardat de winkels yn Achtkarspelen ek op snein iepengean. By it listlûkersdebat moandeitejûn waard dúdlik dat hast alle partijen wolle dat dy keapsnein der komt, útsein de fraksje fan de ChristenUnie. Dochs joech listlûker Toos van der Vaart oan dat der mei de fraksje oer te praten falt, mocht it oan 'e oarder komme by mooglike koälysjepetearen. De winkels yn Achtkarspelen sille nei alle gedachten allinnich de middeis iepen wêze, lykas yn de buorgemeenten it gefal is.