Seehûne-opfang wol belutsen wurde by útfiering advizen

De fiif opfangsintra foar seehûnen yn Nederlân wolle graach dat de minister fan Lânbou gebrûk meitsje sil fan harren ekspertize op it gebiet fan sike seehûnen. Sy sizze dat nei oanlieding fan it advys dat de Wittenskiplike Ried tiisdeitemiddei oanbiede sil oan de minister.
Wat der presys yn dat advys stiet is de opfangsintra no noch net hielendal bekend. Wol litte se witte, dat se nau belutsen wurde wolle by in soarchfâldige útfiering fan de advizen. "Dat de opvang eenduidiger gereguleerd moet worden, staat voor ons buiten kijf. Wij hebben waardering voor het vele werk dat de commissie heeft verricht, maar plaatsten ook tal van kritische kanttekeningen bij het advies tijdens een door de commissie gehouden stakeholdermeeting. We hebben te weinig tijd gekregen om inhoudelijk echt goed in te gaan op de materie," seit Guus Schweigmann út namme fan de opfangsintra.
Tsjinstanners
Denemarken, Noarwegen en Skotlân binne tsjinstanner fan it opfangen fan seehûnen. Dy lannen fine dat de natoer himsels rêde moat. Dútslân en Nederlân tinke dêr oars oer en fine dat it opfangen wol belangryk is. Neffens Schweigmann binne de opfangsintra wichtich: "Dankzij deze centra hebben we goed zicht op wat er gebeurt in en om onze zeeën. De opvangcentra spelen een cruciale rol in het voeden van wetenschappelijk onderzoek tot nu toe met relevante data."
It advys wurdt tiisdeitemiddei om twa oere oanbean oan minister Carola Schouten fan Lânbou.