UNIS Flyers mei winst nei finale BeNe league

Stockfoto © Martin de Jong
De UNIS Flyers hawwe har sneintejûn pleatst foar de finale fan de BeNe league. De Feanster iishockeyers wûnen yn it Belgyske Luik yn de twadde heale finale mei 5-2 fan de Bulldogs. Ofrûne freed pakte UNIS Flyers ek al de winst yn de earste wedstriid, troch de winst fan snein binne se no wis fan de finale.
Betide foarsprong
Al nei in minút makke Ronald Wurm it earste doelpunt foar de Flyers. Yn de fjirtjinde minút wie it Adam Bezak dy't de Flyers op 0-2 sette. Krekt foar de ein fan de earste perioade wie it Bremer fan Luik dy't de oanslutingstreffer makke.
Rebûlje
Oan de ein fan de twadde perioade wreide UNIS Flyers de foarsprong út. It wie opnij Bezak dy't skoarde, dêrmei kamen de Feansters op 1-3. Yn de lêste perioade makken Demelinne en Den Edel al gau de 1-4 en de 1-5. Yn 'e slotfaze fan it duel wie der noch wat rebûlje en koe Bremer noch ien doelpunt foar de Bulldogs meitsje.
Yn de finale treft UNIS Flyers de iishcokeyers fan Hijs Hokij út Den Haag.