Keninklike ûnderskieding foar brânwachtman Prins

Boargemaster Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf hat freedtejûn in keninklike ûnderskieding útrikt oan de 58-jierrige Alex Prins út Easterwâlde. Prins is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy hat 32 jier lid west fan de frijwillige brânwacht. Yn jannewaris naam er ôfskied.