NS praat mei politisy oer yntercity Ljouwert-Zwolle

De NS Regiodireksje Noard- en East-Nederlân sil freed mei politisy om tafel om te oerlizzen oer in bettere treinferbining tusken Ljouwert en Zwolle. De direksje nimt dan ek in petysje oer de tsjinstregeling yn ûntfangst. Dy is goed fjouwertûzen kear ûndertekene. De ûndertekeners wolle dat de treinen wer ride op tiden sa't it wie.
Sûnt desimber stiet de yntercity tusken Ljouwert en Zwolle net mear stil by de stasjons Grou-Jirnsum, Akkrum en Wolvegea. Dat soarget foar in langere reistiid. Neffens it buro RailEvent binne der mooglikheden om de ferbining te ferbetterjen sûnder de tsjinstregeling folslein om te smiten.