CDA wol dúdlikens oer wenromte ferstanlik beheinde jongerein

Der moat gau dúdlikens komme oer de realisaasje fan wenromte foar jongerein mei in ferstanlike beheining yn Bûtenpost. Dat wol it CDA yn Achtkarspelen. De partij ropt boargemaster en wethâlders op om mei de belutsen partijen yn petear te gean.
In groep âlden is al langere tiid dwaande mei plannen. Sy hawwe al in arsjitekt en in ynvestearder fûn, en in soarchynstelling tink mei oer it plan. Neffens it CDA binne yn Bûtenpost genôch gebouwen dy't leechstean en gaadlik binne as wenromte foar jongerein mei in ferstanlike beheining.