Auto útbaarnd yn Ysbrechtum, brânstichting net útsluten

De brânwacht koe de flammen al frij gau útmeitsje, mar de auto baarnde wol folslein út © BTB Fotografie
Yn Ysbrechtum is sneontenacht in auto útbaarnd. De wein stie oan 'e Van Haersma Bumaleane. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen der al oeral út. De brânwacht koe de fjoersee frij gau útmeitsje, mar wist net foar te kommen dat de auto folslein útbaarnde.
Brânstichting wurdt net útsletten. De plysje docht sneintemoarn ûndersyk nei de brân. Pas dêrnei wurdt de auto fuortsleept.