Hege punten op it muzykkonkoers yn Drachten

© Johan Meesters
Fyftjin orkesten hawwe har sneon yn Drachten fan harren bêste kant hearre litten. Yn fiif ferskate difyzjes waard striden om de heechste punten. Alle Fryske orkesten behellen mear as tachtich punten en dêrmei in earste priis. It heechste tal punten oer de hiele dei waard helle troch Oranje Grootegast. Dit orkest, ûnder lieding fan Anne van den Berg, behelle mar leafst 93,75 fan de 100 punten. Sy behellen ek de priis foar it bêste ynspylwurk foar de hegere difyzjes.
De priis foar it ynspylwurk fan de fiifde en fjirde difyzje gie nei Immanuel Uithuizermeeden. De folsleine útslaggen kinne besjoen wurde op de webside fan it OMF.