Belêstend materiaal yn saunasaak fûn yn Drachtster wenning

© ANP
By it ûndersyk nei bylden fan neakene minsken yn in sauna yn Nederasselt hat de plysje freed belêstend materiaal yn beslach nommen yn in Drachtster wente. Ek de belangrykste webside dy't de bylden iepenbier makke hat, hat de opdracht krigen it materiaal der ôf te heljen. Gasten fan de sauna yn Nederasselt binne sûnder dat se it sels wisten filme yn de klaaikeamer. Dêrûnder wienen ek froulju fan it Nederlânske hânbalteam. De eigener fan de sauna hat oanjefte dien fan hacken, neidat bliken die dat der noch hieltyd bylden op ynternet te sjen wienen.
De plysje hat ûndertusken in ferburgen kamera en de kompjûter dy't dêrby heart yn beslach nommen. De plysje en it Iepenbier Ministearje ûndersykje de saak. In soad slachtoffers ha oanjefte dien.