Plysje: Wês wach foar oplichterij oan de doar

© ANP
De plysje warskôget foar oplichters dy't op ferskate plakken yn Noard-Nederlân telefoanysk of oan de doar guod te keap oanbiede. It giet dan om de ferkeap fan produkten lykas matrassen, pannesets oant it oanbieden fan it strjitlizzen fan in oprit. Uteinlik leverje de oplichters it guod net en binne de dupearren hûnderten euro's earmer.
De plysje freget minsken dy't te meitsjen hân hawwe mei oplichting te beljen mei 0900-8844. As de oplichters noch yn de buert binne, kinne minsken belje mei 112. De plysje kin dan fuortendaliks aksje ûndernimme. Op de webside fan de plysje stean tips dy't derfoar soargje dat se wach binne op babbeltrúks.