Tefolle leven op automoeting Junokade yn Ljouwert: boete

De plysje hat freedtejûn fjirtjin minsken op de bon slingere omdat se tefolle leven makken yn de buert fan de Junokade yn Ljouwert. It giet om autoleafhawwers dy't harren sammelen op dat plak. De minsken waarden yn tolve gefallen bekeurd fanwege ûnnedich lûd feroarsaakje en yn twa gefallen foar ûnnedich toeterjen.