Sealfuotbalsters Drachtster Boys winne nei thriller

© twitter @DFTda1
De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freedtejûn nei in thriller wûn fan Team Alkmaar. It begjin fan de wedstriid wie rûnút spektakulêr. Marian Meijer makke de 1-0 en dêrnei gie it hurd. Noch gjin trije minuten letter wie it al 2-2 en wer wat letter 3-3. De Drachtster goals kamen fan Jessie Prijs en Tjitske Sikma. Esther van Toledo soarge foar de foarsprong, in pear minuten foar it skoft.
Yn de twadde helte foelen minder goals, mar it bleaun wol spannend. Nei't Alkmaar op 4-4 kaam rûn Drachtster Boys wer út nei 6-4 troch goals fan Prijs en Van Toledo. Om't Team Alkmaar noch de 6-5 makke, wienen de lêste pear minuten spannend, mar de Drachtsters koenen de foarsprong fêsthalde.
Drachtster Boys bliuwt op it fjirde plak stean, mei noch trije wedstriden te spyljen. De top fjouwer pleatst him foar de play-offs.
Avanti
Ek by de wedstriid tusken FC Gelre en Avanti wie it spektakel, mar net yn positive sin foar de Friezinnen. Avanti stie binnen fjouwer minuten al mei 2-0 efter. Dêrnei waard it noch wol 2-1, mar FC Gelre rûn foar it skoft al út nei 6-1.
Yn de twadde helte gie it net better. Nei in dik healoere spyljen helle FC Gelre de 10. Avanti die wat werom, mar it lêste wurd wie foar de thúsploech: 11-2.
De Stienzers kinne de play-offs nei it ferlies út de holle sette.