Ofslútdykbrêge by Koarnwertersân is wer makke

De stikkene brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is wer makke. De brêge kin dêrom fan freedtejûn ôf wer draaie. Sûnt ôfrûne tiisdei wie de noardlike brêge ticht fanwegen in steuring. Ferkear waard oer de súdbrêge laat.
It probleem waard nei alle gedachten feroarsake troch in temperatuerferskil tusken de ûnder- en boppekant fan de brêge. Hjirtroch luts de brêge krom en sleat dizze net mear goed. In kuolynstallaasje moat steuringen yn de takomst foarkomme.