Plysje siket spûkrider dy't op N356 ûngelok feroarsaket

De plysje is op syk nei in spûkrider dy't tongersdeitejûn op de Sintrale As tusken Hurdegaryp en Burgum foar in ûngelok soarge. De spûkrider ried út de rjochting fan Quatrebras nei Drachten, op de oare weihelte. In automobilist moast dêrtroch útwike en belâne yn de sleat. It slachtoffer, sjirurch Martijn Möllers út Feanwâlden, kaam mei de skrik frij en hat yntusken oanjefte dien fan it ynsidint.
Möllers wol sels ek graach yn kontakt komme mei de spûkrider. "Ik ga ervanuit dat iemand het niet expres doet, maar als je zo het leven van anderen en van jezelf in gevaar brengt, dan moet je daar ook verantwoording voor afleggen. Ik zou heel graag zijn of haar verhaal willen horen, om dit voor mezelf een plekje te kunnen geven."