Aris ferliest nei goede earste helte dochs fan Leiden

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn yn it Kealledykje ferlern fan Leiden. Yn de earste wedstriid yn trije wiken koe Aris in helte lang goed meikomme mei Leiden, de nûmer trije fan de Basketball League, mar úteinlik moasten de Ljouwerters dochs belies jaan: 72-81.
Op skot
By it skoft wie it ferskil noch mar fjouwer. De twa ploegen wienen goed op skot yn it earste kwart: 25-27. Dêrnei hienen Aris en Leiden ferdigenjend de saken better op oarder. Sadwaande wie de rêststân 40-44.
Oanfallend dreech
Nei it skoft hie de ploech van Tony van den Bosch it oanfallend dreech en boppedat wie Leiden ek reboundend sterker. Sa seagen de Ljouwerters nei it tredde kwart oan tsjin in efterstân fan 52-67.
Frije worpen
Dat ferskil koe Aris, mei de nije spiler David Michaels yn de basis, net mear goedmeitsje. Dêrfoar wienen de Ljouwerters, en benammen Deividas Kumelis, ek net sekuer genôch fan de frijeworpline ôf. It ferskil waard nea lytser as seis punten. De einstân wie 72-81.
Michaels, dy't yn it seizoen 2012/2013 ek al foar Aris spile, wie yn syn rentree topskutter mei 20 punten.
Striid om play-offs
Troch it ferlies bliuwt Aris op it sânde plak stean. De seis bêste teams pleatse harren foar de play-offs. Aris spilet noch alve kompetysjewedstriden. Takom snein is direkte konkurrint Amsterdam de tsjinstanner yn Ljouwert.