Sinne-enerzy driuwt nije brêge fan Dronryp oan

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
De nije brêge fan Dronryp wurdt oandreaun troch sinne-enerzjy. De provinsje en bouwer Oosterhof Holman wolle sa de brêge folslein enerzjyneutraal meitsje. Dêrfoar binne 60 panielen nedich. Dy komme net op de brêge, mar op in oare lokaasje yn de buert. Ek wurdt besocht de brêge sa te bouwen, dat dy folslein recycled wurde kin.
It wurk oan de brêge begjint yn july. Yn febrewaris fan takom jier moat it ferkear oer de brêge kinne.