UPDATE: Waadauto op 'e wâl nei drege bergingsaksje
De auto dy't al sûnt dit wykein op it Waad stiet, is tongersdeitemiddei nei de wâl tahelle. De bergingsaksje op it bûtendykse slyk by Sint Jabik kealle swier.
Earst besocht in berger mei in spesjaal pak troch it slyk te rinnen, mar de man kaam al nei tritich meter fêst te sitten yn de sêfte grûn fan de Waadsee. De man is dêrnei mei in spesjale slikslide nei de auto tagien. In slikslide waard eartiids faak brûkt troch fiskers dy't fûken of netten leechhelje woene yn it Waadgebiet.
It slagge de berger úteinlik om mei de slikslide by de auto te kommen, dêr't hy in kabel oan it foertúch fêstmakke. De Ford Fiesta is dêrnei hiel stadich mei in trekker loslutsen en nei de seedyk ta sleept.