Drankrider út Purmerend rekket ferwûne yn Fryslân

© CAMJO media
In 48-jierrige drankrider út Purmerend is woansdei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak yn 'e slip en belâne tsjin de fangrail.
Twa plysjes ferlienden earste help en in sike-auto hat him nei it sikehûs brocht. Dêr ha se in bloedproef by de man ôfnaam en dêrút die bliken dat er fierstente folle dronken hie.
It slachtoffer wie ek agressyf tsjin it ambulânsepersoniel. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.