FIDEO: Yn aksje om Fryske readbûnte kij te rêden
In stik libjend kultureel erfgoed fan Fryslân driget út te stjerren troch de nije fosfaatregels. De Frysk readbûnte kij rinne al sûnt de midsiuwen yn de Fryske greiden, mar no binne der noch mar 400 yn Nederlân. De Stichting Roodbont Fries Vee makket him grutte soargen.
"Yn oardeljier tiid binne der sa'n twahûndert Fryske readbûnte kij nei de slacht brocht troch de nije fosfaatwet. Dat is ien tredde fan it totaal. In frijstelling op dizze regeling soe de oplossing wêze kinne, mar wy sjogge dat net as helber", seit foarsitter Durk Durksz.
Nei de slacht
Siebe Reitsma is boer yn Allingawier en hat fyftjin Fryske readbûnte kij nei de slacht bringe moatten troch de fosfaatregeling. Dy regeling hâldt yn dat boeren net te folle kij hawwe meie, om sa de fosfaatútstjit te beheinen. Der is in peildatum fan 2 july 2015 oan keppele. De boer mei net mear kij hawwe, as dat hy op dy datum hie. Alles wat dêr oerhinne komt, moat fuort. Reitsma: "Ik haw de Fryske readbûnte kij fan myn heit oernaam, mar haw sels ek noch swartbûnte Holstein kij. Doe't de nije regels foar de fosfaatútstjit yngiene moast ik de kar meitsje om in pear Fryske readbûnte kij fuort te dwaan." Reitsma fernuveret him wol dat er dizze kar meitsje moast. "Der binne allegearre aksjes foar útstjerrende bisten as wylde oaljefanten yn Afrika. Mar der wurdt net genôch dien om bisten dy't hjir yn Nederlân libje te rêden."
Utsûndering
Foardat de nije fosfaatregeling yn gong set waard, wie der in regeling foar Fryske readbûnte kij. Durksz: "It jongfee, kij oant 2 jier âld, dat nei 1 oktober 2016 berne is hoegde net meiteld te wurden mei de oare kij fan de boer. Op dizze wize waard de boer stimulearre om it útstjerrende ras te behâlden, ek al bringt it minder op as de swartbûnte kij." Reitsma fynt it spitich dat der no sa omgien wurdt mei de kij. "It is in stik skiednis dêr't ús foarâlden mei buorke hawwe. Dêr moatte wy goed mei omgean. Mar it wie in ekonomyske kar. De Fryske readbûnte kij jouwe minder molke as de oare kij."
Minder molke
Nei skatting jout in Frysk readbûnte ko sa'n 7000 liter molke yn it jier, mar in Holstein swartbûnte ko jout 2000 liter mear. Mei in molkepriis fan 40 sinten de liter, kin dit ferskil oprinne oant sa'n €800 de ko yn it jier. Mar dit soe neffens Reitsma gjin reden wêze moatte om gjin Fryske readbûnte kij te hawwen. "De molkeproduksje is wichtich om rûn te kommen, mar moat net de ienige reden wêze om kij te hawwen. It moatte gjin 'wegwerpkij' wurde." Ek Durksz fynt dat in Fryske readbûnte in soad foardielen hat: "Se jouwe goeie kwaliteit molke en hawwe goed fleis. Better as dat fan de swartbûnte kij."
Utstjerrend ras
De Fryske readbûnte kij hawwe in lange skiednis. Yn de Midsiuwen hie de soart yn Noard-Nederlân de oerhân, mar troch de feepest yn 1750 stoar sa'n trijekwart fan it fee. Dêrfoar yn it plak kamen swartbûnte kij út Denemarken en Dútslân. De molkeproduksje fan dizze kij lei folle heger as by de readbûnte, dêrom bleau noch mar in lyts part fan de boeren mei de Frysk readbûnte kij fokken.
Yn 40 jier tiid gie it tal fan 2500 nei noch mar santjin readbûntekij yn 1993. De Stichting Roodbont Fries Vee is doe oprjochte om it ras fan útstjerren te rêden. Der wurdt in fokprogramma opset yn gearwurking mei boeren en it sperma fan bollen komt yn in 'genenbank'. De stichting docht, krekt lykas no, der alles oan om de Fryske readbûnte kij fan de ûndergong te rêden.
Takomst
Neffens Durksz is it net helber dat Fryske readbûntekij in frijstelling krije foar de fosfaatregeling, mar hy hat wol in oare idee. "Boeren moatte eins in preemje krije as se Fryske readbûnte kij hawwe. Dêr besteane al Europeeske regels oer. Wy binne as stichting hjir ek mei dwaande."
Oprop
De grutte fraach is, hoe kinne wy, as Friezen, derfoar soargje dat de Fryske readbûnte kij wol bestean bliuwe? Omrop Fryslân docht in oprop oan kreativelingen om harren te melden. Betink in plan om de kij mear yn byld te krijen. Tink dan oan in teäterstik, in rige dokumintêres of bygelyks in spesjaal fleismerk. Hawwe jo sa'n idee om dizze kij te rêden? Mail dan nei fryslanhjoed@omropfryslan.nl. Yn gearwurking mei jo, reklameman Wytze Visser en de Stichting Behoud Roodbont Friese Vee sille wy mei de bêste ideeën oan de slach om de Fryske readbûntekij te rêden.
Fryslân Hjoed
Tongersdei 8 maart yn Fryslân Hjoed in reportaazje oer Siebe Reitsma. Durk Durksz, fan Stichting Behoud Roodbont Friese Vee, fertelt oer syn striid foar it bestean fan dizze kij. En Jouke Gerbrandy, hat de gouden jierren fan de readbûnte kij meimakke, mar syn soan hat der foar keazen om net mei de famylje tradysje troch te gean. En omdat wy graach in plan betinke wolle om de kij yn de picture te krijen hawwe we frege oan reklameman Wytze Visser om mei te tinken oer in kampanje.